Soad fragen oer brânfeiligens

29 sep 2014 - 23:37

By de gemeenteried fan Ljouwert binne nei de grutte brân op de Kelders noch in soad fragen oer de brânfeiligens fan de gebouwen yn de binnenstêd. Sa is noch hieltyd ûndúdlik oft it gebou dêr't it deadlik slachtoffer yn foel by de fergunningsoanfraach yn 1985 oan de easken fan doe foldie. Ut it rapport fan de Ynspeksje Feiligens en Justysje docht bliken dat it ôfbaarnde gebou yn alle gefallen net oan de easken fan brânfeiligens fan tsjinstwurdich foldie.

Der binne ek in soad fragen oer wa't ferantwurdlik is foar de brânfeiligens.

Neffens it kolleezje fan boargemaster en wethâlders is de eigener yn it earste plak ferantwurdlik. Mar neffens de fraksje fan de NLP hat de gemeente dêr ek in rol yn. De gemeente moat folle mear foarljochting jaan oer brânfeiligens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)