Oanpak earmoed yn Ljouwert

29 sep 2014 - 23:30
  • Stedskantoar

De gemeente Ljouwert skrast tal fan regelings foar minsken yn de bystân. Dat moat jild besparje dat foar deselde groep wer brûkt wurde kin. Sa krije minsken dy't foar langere tiid in útkearing hawwe tenei nei trije jier in taslach yn plak fan nei fiif jier.

De gemeente wol fierders besykje minsken mei grutte skulden earder te helpen mei wyk- en doarpsteams. Op skoallen moat ek oandacht komme foar skulden. Sa wol wethâlder Harry van der Molen dat der minsken komme by wa't learlingen mei skulden oanklopje kinne foar help.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)