Mear froulju yn technyk

Froulju moatte faker foar technyske beroppen kieze. Op it Ljouwerter Lyseum krigen alve froulju fan Havo en VWO dêrom in presintaasje oer technyk. Froulju kieze no faak net foar in oplieding yn de technyk om't se net in goed byld hawwe fan wat it wurk krekt ynhâldt.
It buro VHTO hat rûnom yn it lân súkses mei de presintaasjes. Neffens Maud Derksen fan it buro binne der hieltyd mear minsken nedich yn de technyk en rint Nederlân achter op oare lannen yn Europa.