Undersyk GGD Hoedemakerspolder

Isolaasje fan de huzen yn de Hoedemakerspolder © Omrop Fryslân, Andor Faber
De GGD sil de sûnensklachten fan de bewenners fan de Hoedemakerspolder yn Dokkum ûndersykje. Troch de hege wetterstân yn de polder hawwe in soad minsken wetteroerlêst yn en om it hûs. Yn guon wenten ûntstie skimmel. Dêrtroch soene guon bewenners siik wurden wêze.
Wenningkorporaasje Thús Wonen is dwaande mei de renovaasje fan 280 wenningen. De grutskalige opknapbeurt moat in ein meitsje oan de wetteroerlêst en de sûnensproblemen.