Tsien nije wenten Burgum klear

29 sep 2014 - 16:29

Wenningboukorporaasje WoonFriesland hat moandei oan de bewenners fan tsien nije wenten oan de Prins Bernhardstrjitte yn Burgum de kaai fan harren hûs jûn. WoonFriesland bout yn Burgum 24 nije wenten. De kommende wiken krije de oare bewenners ek noch de kaai.

De wenten binne yn it plak kaam fan de apparteminten op dat plak. Dy foldienen net mear oan de hjoeddeistige easken. Se binne sloopt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)