"Kaartferkeap moat oars"

Cambuur sil mei de eigen supportersferiening sykje nei in nije wize om de kaarten te ferkeapjen foar de útwedstriid tsjin Sportklup Hearrenfean. Dat lit de klup moandei witte. It beslút komt neidat der ferline wykein in soad kommintaar kaam fan Ljouwerter fans dy't te let wienen om in kaartsje te krijen foar de útwedstriid op snein 19 oktober.
Kommersjeel direkteur Ard de Graaf lit witte dat der neitocht wurdt oer in saneamd 'loyaliteitsprogramma', wêrby't trouwe fans foarrang krije by de kaartferkeap fan de útwedstriid tsjin Hearrenfean.
De 1200 kaarten wiene sneon yn in pear oeren tiid útferkocht. Benammen supportersferiening SCS Kern van Cambuur makke him lulk om it feit dat no minsken yn it útfak sitte dy't oars noait fan har hearre litte.