Shorttrack sit yn 'e lift

29 sep 2014 - 11:43
  • De Nederlânske shorttrackploech

It shorttracken yn Fryslân sit yn 'e lift. Beide Fryske shorttrackklups hawwe in soad nije leden krigen. It súkses fan bygelyks Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma op de Olympyske Spelen en it wrâldkampioenskip hat deroan bydroegen. It ledetal fan Shorttrack Thialf fan It Hearrenfean is yn de ôfrune trije jier ferdûbele. By Shorttrack Trias yn Ljouwert binne fan 't simmer sawat 20 persint oan nije leden bykaam.

It Europeesk kampioenskip is yn jannewaris yn Dordrecht. Dat kin ek wer foar in nije stream leden soargje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)