Nije dyk by Dokkum giet oer

29 sep 2014 - 10:57
  • It gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum

Dongeradiel skrast de oanlis fan in dyk oan de westkant fan Dokkum. Dat is ien fan de besunigingsmaatregels foar takom jier. De gemeente moat 2,9 miljoen besunigje, stiet yn de begrutting.

Oare besunigings binne koartings op it personiel en minder ûnderhâld oan diken, gebouwen, tsjerkhôven en begraafplakken en grien. Boppedat giet de belesting op it rioel en ôffal omheech. De gemeente leit dêr no noch jild op ta, mar wol dat kosteneutraal meitsje. De ûnreplikeaakbelesting (OZB) bliuwt wol gelyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)