Oprêd-aksje op strân Skylge

Spongebob fûn by skjinmakaksje op Skylger strân © Waadferiening
Goed 150 frijwilligers hawwe it ôfrûne wykein it strân fan Skylge rotsoaifrij makke. De aksje is alle jierren yn it lêste wykein fan septimber. De Waadferiening hat de aksje op tou set. Der is dizze kear goed 18 kúb ôffal ophelle.
De dielnimmers oan de oprêd-aksje krigen fan filmmakker Ruben Smit no al in stikje te sjen fan syn nije film oer de Waadsee. Smit is de makker fan de súksesfolle dokumintêre De Nieuwe Wildernis. Hy hat no in twadde film opnaam oer it Waad, mei in earder ûntdutsen skript fan de bekende regisseur Bert Haanstra.