Missy Irak 'beperkt risiko'

F16 Falcon Fleanbasis Ljouwert © ANP
De militêren dy't op missy gean nei Irak, rinne beperkt risiko. Dat seit kommandant der striidkrachten Tom Middendorp. De militêren traine neffens Middendorp op befeilige lokaasjes en ferpleatse harren net in soad yn Irak. Boppedat hat IS noch gjin wapens om F-16's delhelje te kinnen.
De Fleanbasis Ljouwert leveret 250 militêren foar de missy nei Irak. Boargemaster Ferd Crone sjocht yn de aktuele situaasje gjin direkte reden foar ekstra bewaking fan de fleanbasis yn Ljouwert. Definsje giet sels oer de bewaking.