Boekje oer Ljouwerter wenwiken

29 sep 2014 - 06:28

Histoarysk Sintrum Ljouwert HCL hat de skiednis fan de Ljouwerter wenwiken Tjerk Hiddes en Cambuursterhoeke yn in boek fêstlein. Oan de hân fan fyftich foto's en kaarten makket auteur Walter Kromhout in kuiertocht troch de skiednis fan dy Ljouwerter folksbuerten. Ald-bewenners fertelle oer harren bernetiid en der is omtinken foar bekende gebouwen dy't ferdwûn binne, lykas Hotel De Bleek.

Tagelyk mei de presintaasje fan it boekje hat wenningkorporaasje Elkien de poartpassaazjes yn Cambuursterhoeke foar hast 20.000 euro renovearre.

Bewenners hienen al in skoft klachten oer dy omhingplakken foar jongerein. Yn gearwurking mei ûnder oare keunstner Eddy Sikma binne de muorren no optuge mei fotopanelen en skilderwurken út it ferline fan de Linneausbuert. Yn gearwurking mei it wykpanel wurde ynkoarten kuiertochten troch de buert holden foar toeristen, bewenners en âld-buertgenoaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)