SC Hearrenfean wint fan PSV

28 sep 2014 - 18:37
  • SC Hearrenfean fiert 1-0 oerwinning tsjin PSV
  • PSV spiler Jetro Willems, SC Hearrenfean spiler Mark Uth

SC Hearrenfean pakte snein in swierbefochten 1-0 oerwinning op PSV. Yn it Abe Lenstrastadion wie Hearrenfean hear en master yn it begjin mei kânsen foar Uth en Buijs. De Feansters moasten foar rêst mei 10 man fierder nei in reade kaart foar Stefano Marzo, dy't in trochbrutsen spiler fêsthold.

Nei rêst stie PSV ek mei 10 man nei read foar Brenet en lei de wedstriid wer iepen. Yn de 78e minút krige Daley Sinkgraven it publyk op 'e banken mei de winnende treffer. Yn in spannend slot wist Hearrenfean de winst mei muoite oer de streek te lûken.

De ploech fan trainer Dwight Lodeweges stiet mei 14 punten út 7 wedstriden op it fjirde plak yn de earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)