De Jong wer gjin wrâldkampioen

28 sep 2014 - 17:18

Gersbaanracer Jannick de Jong is der snein yn it Dútske Mühldorf net yn slagge wrâldkampioen te wurden. Yn de lêste wedstriid fan de 5-dielige searje om de wrâldtitel moast de Gordykster syn meardere erkenne yn de Dútser Erik Riss, dy't de titel pakte. It sulver wie foar De Jong. It brûns foar âld-wrâldkampioen Joonas Kylmäkorpi.

De Jong begûn as lieder oan de lêste wedstriid mar wist dizze marzje net fêst te hâlden. Riss wie oppermachtich en wûn 4 fan de 5 heats en de heale finale. In twadde plak yn de finale wie genôch foar de titel.

Ferline jier slagge De Jong der ek krekt net yn om wrâldkampioen te wurden. Doe gong de titel nei Joonas Kylmäkorpi.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)