Fryske winners Slach om Makkum

28 sep 2014 - 16:53
  • Roeisloep Twirre fan Makkum

De roeimanlju fan 't Anckertje fan sloeproeivereniging Saense Kat ús Zaandam hawwe sneon de 12e edysje fan De Slach om Makkum wûn. It twadde plak wie foar Azorean High út Katwyk. De Twirre fan Makkum waard tredde.

By de froulju wie der in folslein Frysk poadium. De winst wie foar Beluga út Snits, de roeisters fan Lytse Bear fan De Jouwer einigen as twadde en de sloep Pulp Fiction fan Makkum waard tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)