FVC ferliest foar fjirde kear

FVC © Omrop Fryslân
De fuotballers fan FVC ferlearen snein mei 2-0 fan Juliana '31. Yn it Gelderske Malden kamen de Ljouwerters nei 25 minuten spyljen op efterstân, doe't de thúsploech in strafskop fersulvere. Krekt foar rêst wie it op 'e nij rekke foar Juliana '31, dat mei in komfortabele 2-0 foarsprong de klaaihokken opsocht.
Yn de twadde helte soargen twa giele kaarten oan de kant fan Juliana '31 dat de Ljouwerters in man mear op it fjild hienen. De ploech fan trainer Bert Hollander koe lykwols net profitearje fan de man-mear-situaasje.
It is it fjirde ferlies op rige foar FVC, dat puntleas ûnderoan stiet yn de sneinshaadklassse C.