Snitsers oerklasse Germania

28 sep 2014 - 16:07

Snits Wyt Swart wûn snein mei 6-0 fan Germania. Op eigen fjild sette Erolind Derguti de iepeningstreffer nei in goed healoere spyljen op it boerd. Nei rêst ferdûbele Sean de Ruiter yn de 56e minút de Snitser foarsprong. In eigen doelpunt fan de gasten út Groesbeek soarge fuort dêrnei foar de 3-0, wêrnei't it ferset by de gasten út Groesbeek brutsen wie.

De Ruiter soarge mei twadde en tredde treffer foar in suvere hattrick en brocht de stân op 5-0. Derguti sette mei syn twadde treffer de einstân op it boerd.

De romme oerwinning is de tredde winst foar de ploech fan trainer Berry Zandink.

Trefwurden: 
Snits fuotbal Snits Wyt Swart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)