Ein seizoen smoarchwetterboat

De smoarchwetterboat fan de provinsje Fryslân hat dizze simmer 12.000 liter smoarch wetter fan plezierboaten op de Fryske wetters ophelle. Snein wie de lêste dei dat de smoarchwetterboat fart. Doel is om foar te kommen dat boatsjeminsken it smoarge wetter fan de wc op it oerflaktewetter loaze. Stasjons dêr't de minsken it wetter kwyt kinne, binne somtiden net iepen of om in oare reden net beskikber.
Guon toeristen fine de stasjons yn havens ek te djoer.
De provinsje wol de kommende tiid besjen hoe't mear toeristen út harsels de tanks by de stasjons leegje wolle. De smoarchwetterboat sil ek de kommende twa jier op it wetter te finen wêze.