Houwerij op De Jouwer

28 sep 2014 - 09:44

De plysje docht ûndersyk nei in gefal fan mishanneling op de Geert Knolwei op De Jouwer yn de nacht fan sneon op snein. Om in oere as healwei twaen stie in man út dat plak te pisjen op 'e dyk. In groepke jongeren makke dêr in foto fan. Dêr kaam in wurdewikseling fan, dy't útdraaide op in fjochtpartij. De man fan 34 hâlde dêr in losse tosk oan oer, in frou hie in swollen gesicht nei in klap.

Trefwurden: 
fjochtpartij De Jouwer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)