Oldtimers op Flaeijelfeest

27 sep 2014 - 17:18
  • Dizze fleantugen lutsen in soad folk nei it Flaeijelfeest
  • Fan feestfieren krijt in minske sin oan wat....

Tsien oldtimer fleantugen wiene sneon de grutte publykslûker by it Flaeijelfeest yn Ald- en Nijhoarne. De organisaasje is grutsk dat dizze attraksje op de 38e edysje fan it feest te sjen is. Geuren stean dit jier sintraal op it Flaeijelfeest. Fan diseldampen en farsk bakte bôle oant de geur fan ferbaarnd rubber. Der binne op it festivalterrein tal fan aktiviteiten. Besikers komme yn de kunde mei it libben op it plattelân yn de jierren 20 fan de foarige ieu.

It Flaeijelfeest wurdt jûns ôfsletten mei muzyk yn de feesttinte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)