Oanfal leit 100 websiden plat

27 sep 2014 - 16:28

Troch in cyberoanfal binne sûnt freedtemiddei sa'n 100 websiden fan it Knooppunt Intermedia op It Hearrenfean út de loft. Troch de saneamde Ddos-oanfal lizze de websiden fan de Flaijelfeesten, dy't dit wykein binne, en fan de tennisferiening Akkrum plat. Der wurdt hurd wurke oan in oplossing. Knooppunt Intermedia sit yn de eardere technyske skoalle en ûnderhâldt websiden foar ferskate bedriuwen en ynstellings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)