Stoelwinder Held fan de Smaak

27 sep 2014 - 16:13

Kok Tjalke Stoelwinder is sneon útroppen ta winner fan de lanlike ferkiezing Held fan de Smaak. Stoelwinder wie earder al winner wurden fan de Fryske titel. Alle provinsjale koks moasten in gerjocht meitsje fan earten en beantsjes. De kok fan it restaurant Brouwer en Greydanus op It Hearrenfean wol mei dizze priis earten en beantsjes promoate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)