Gaseksploazje fernielt auto

27 sep 2014 - 12:49

In gaseksploazje hat sneontemoarn in auto oan de Gernaerd yn Drachten fernield. De plysje fûn in gasflesse yn de auto. De Forensische Opsporing hat de auto meinommen nei it plysjeburo foar neier ûndersyk. Even letter waard in 23-jierrige Drachtster mei brânwûnen oantroffen by it sikehûs. De plysje hat de man oanhâlden en fêstsetten op it plysjeburo. Hy wurdt fertocht fan belutsenheid by de eksploazje fan de auto.

Trefwurden: 
Drachten gaseksploazje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)