Utferkeap by fanfare Smalena

27 sep 2014 - 12:40

De Drachtster Show- & Drumfanfare Smalena ferkeapet sneon har ynstruminten en klean yn it multyfunksjoneel sintrum De Bouwen yn Drachten. Earder wie al bekend dat de fanfare der mei ophâldt. Mei de útferkeap wol de fanfare besykje alle rekkeningen en in liening fan de gemeente ôf te beteljen.

Muzikanten fan Smalena ha plak fûn by oare korpsen yn de regio en de majorettes gean fierder ûnder de namme Nova.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)