Drachtsters oppakt foar drugs

27 sep 2014 - 11:26
  • Plysje

De plysje hat yn in ûndersyk nei de hannel yn drugs fjouwer manlju oppakt. De fjouwer komme út Drachten, se waarden oppakt by en yn in hûs oan de Moezel yn it plak. De plysje kaam de fjouwer op it spoar nei tips dat der fanút it hûs drugs ferkocht wurde soene.

De plysje hat yn it hûs ek drugs fûn, ek hie in tal fan de fertochten drugs by him. De fertochten binne fêstset foar fierder ûndersyk, de drugs binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)