Froulju op ynbrekkerspaad

27 sep 2014 - 11:17
  • Ynbraak

De plysje docht ûndersyk nei in tal stellerijen yn Harns. Dêr waard freed oerdei besocht om yn te brekken yn in hûs oan de Nieuweweg en yn twa huzen oan de Suderhaven. Yn it earste hûs betrape de bewenner de trije ynbrekkers, dy naaiden dêrnei út. By de twa oaren slagge it net om binnen te kommen. De plysje is no op syk nei de ynbrekkers. It giet om trije jonge froulju mei in East-Europeesk uterlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)