Bou tinte by Lawei moandei los

27 sep 2014 - 10:28

De Drachtster skouboarch De Lawei lit moandei in grutte tinte opsette achter de âlde LTS oan de Boargemaster Wuitewei. Yn de tinte wurde yn elk gefal oant desimber foarstellings spile, no't de nijbou fan De Lawei troch in konflikt stilleit. Yn it tydlike ûnderkommen is plak foar 700 taskôgers. De oare foarstellings wurde ferpleatst nei it gebou fan de Friese Poort en nei Iduna.

Neffens Lawei-direkteur Stef Avezaat giet it om in lúkse tinte, dy't boppedat net in soad lûdsoerlêst opleverje sil. Sneon 4 oktober is dêr de earste opfiering.

Moandei tsjinnet de aribtraazjesaak oer de ferbouwing fan it Drachtster teater. Direkteur Stef Avezaat hopet dat De Lawei gelyk krijt sadat it slot fan it bouterrein giet en de bou sa gau as mooglik wer fierder kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)