IIshal startplak 11-stêdetocht

26 sep 2014 - 21:00

De nij te bouwen Elfstedenhal yn Ljouwert wurdt by takomstige Alvestêdetochten brûkt as ynskriuw- en startlokaasje foar de Feriening De Fryske Alvestêden. Dat hat foarsitter Wiebe Wieling freedtejûn befestige by de iepening fan it lêste reedrydseizoen yn de Ljouwerter iishal.

De ferâldere baan makket plak foar in nije akkommodaasje mei in 400 meter baan dy't juny 2015 klear wêze moat. In ynvestearring fan sawat 21,7 miljoen euro. Noch ien seizoen draaie de riders yn Ljouwert harren rûntsjes op de no 36 jier âlde baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)