Sinteklaasaksje yn Drachten

© ANP
Stifting Present Smallingerland siket 30 gesinnen, groepen of bedriuwen dy't meiwurkje wolle oan in Sinteklaasaksje. De bedoeling is dat de dielnimmers in Sinteklaas-ferrassingspakket gearstalle foar in gesin út Drachten dat om wat foar reden dan ek gjin Sinteklaas fiere kin. De pakketen wurde anonym ferstjoerd.
It is de twadde kear dat Present dizze aksje opset, ferline jier wie it in grut sukses. Oanmelde kin oant 1 novimber.