Shorttrackers klear foar test

Shorttrackers Sjinkie Knegt út Bantegea en Daan Breeuwsma út Aldeboarn binne klear foar it nije seizoen. Oer in pear wiken stiet de earste wichtige test op it programma. Dan is de earste kwalifikaasjewedstriid op It Hearrenfean.
Letter yn it seizoen is yn Dordrecht it EK shorttrack. Dêr wol Breeuwsma in goeie prestaasje delsette. Knegt wol ek op de wrâldkampioenskippen prestearje. Hy is noch gjin wrâldkampioen op in yndividueel ûnderdiel. Mei de relay-ploech is dat him wol slagge.