Gjin wynmûnepark boppe Amelân

It wynpark op de Noardsee boppe It Amelân is foarearst skrast. It kabinet hat freed besletten om mar trije plannen troch te setten. Dizze binne allegear foar de kust fan Noard- en Súd-Hollân.
It plan foar in wynmûnepark boppe It Amelân soarge op it eilân foar grutte argewaasje. Sa soe it toerisme mei 20 persint ôfnimme en ek de natuer soe yn de problemen komme. Boargemaster Albert de Hoop is dan ek bliid dat it wynpark boppe It Amelân foarearst skrast is.
Tegearre mei de gemeente Skiermûntseach hie de gemeente begjin dit jier noch in brânbrief skreaun oan it regear. It park boppe Skier giet lykwols wol troch, dat plan wie al earder goedkard.