Van Rijn praat mei wethâlders

26 sep 2014 - 13:45

Steatssekretaris Martin van Rijn praat op 2 oktober mei tsientallen Fryske wethâlders oer de nije soarchtaken dêr't de gemeenten fan 1 jannewaris ôf ferantwurdlik foar wurde. Van Rijn wol witte hoe't it giet mei de tariedings. Van Rijn begjint moandei mei syn petearen. Meielkoar binne der 15 regiobyienkomsten yn it hiele lân.

Gemeenten wurde takom jier ferantwudlik foar de jeugdsoarch en foar de stipe oan âlderen en groanysk siken. Guon partijen binne benaud dat in soad gemeenten net op tiid klear foar binne dizze desintralisaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)