Cambuur fit foar Excelsior

26 sep 2014 - 13:26
  • SC Cambuur

De Cambuur seleksje foar de belangrike wedstriid snein tsjin Excelsior is hast folslein fit. Bartholomew Ogbeche is noch in twivelgefal. Hy rekke yn de wedstriid tsjin PSV blesseard oan de holle. Ek Furdjell Narsingh kin noch net in folsleine wedstriid spylje. Lucas Bijker is skorst. Fierder is de seleksje fit. Dat betsjut dat Baker, El Makrini, Rusnák en Vytas spylje kinne. Yn it sintrum fan de ferdigening kiest Henk de Jong foar in linkspoat. Dat wurdt Vytas of Slijngard. Cambuur giet sneon al nei Rotterdam.

De wedstriid is snein om 12.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)