Ferhúsplan rjochtbank ynlutsen

26 sep 2014 - 13:18

It kantoarpersoniel fan de Ljouwerter rjochtbank bliuwt foarearst gewoan yn Ljouwert. It bestjoer fan de rjochtbank Noard-Nederlân lûkt it foarstel foar de ferhuzing nei Grins yn.

Yn in ferklearring fan de trije rjochtbankpresidinten stiet dat se har de lulkens en it ûnbegryp oer it plan oanlûke. Se jouwe ta dat se in wichtige stap yn it proses oerslein hawwe troch de plannen net te bepraten mei de meiwurkers en de liedingjaanden. Dy petearen wurde no de kommende tiid hâlden. Op basis hjirfan nimt it bestjoer in nij beslút.

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert is bliid mei it beslút fan de rjochtbank Noard-Nederlân. Hy is ek net benaud dat de rjochtbank út Ljouwert yn de takom ferdwine sil.

Kommisaris fan de Kening John Jorritsma lit witte dat er tefreden is oer it beslút fan de rjochtbank. Hy hopet dat it de wurknimmers fan de rjochtbank rêst jout nei in hektyske wike.

Trefwurden: 
Ljouwert rjochtbank ferhuzing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)