Museum test tagonklikheid

26 sep 2014 - 12:49

It Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert siket frijwilligers dy't meidwaan wolle oan de ANWB Museumcheck. Minsken dy't net goed rinne kinne of yn in rolstoel sitte, teste dan hoe tagonklik in museum is. It giet om in lanlike aksje dy't dit jier foar de twadde kear holden wurdt. Mei-inoar dogge der goed tweintich musea mei.

It doel fan de ANWB is dat yn oktober en novimber elk museum fyftich frijwilligersduo's op besite krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)