Fragen GL oer flechtelingen

GroenLinks
De fraksje fan PalGrienLinks yn de gemeenteried fan Ljouwert wol fan it kolleezje witte as en wêr't romte is om ekstra Syryske en Iraakske flechtlingen op te fangen. De partij freget him ôf as Fryslân net de morele plicht hat om dizze groep op te fangen. Seker no't de fleanbasis belutsen is by de missy tsjin IS yn Irak. Dat skriuwt PalGrienLinks yn fragen oan boargemaster en wethâlders.
De partij wol in ynventarisaasje fan mooglike opfanglokaasjes yn de gemeente Ljouwert, yn oerlis mei bygelyks soarchynstellings en wenningkorporaasjes.