3,7 miljoen subsydzje De Lawei

26 sep 2014 - 12:36

It kolleezje fan b. en w. fan gemeente Smellingerlân wol skouboarch De Lawei yn Drachten 3,7 miljoen euro ekstra subsydzje jaan. It giet om in garantstelling. De skouboarch yn Drachten wurdt yngreven ferboud. Koartlyn waard de bou stillein, om't boubedriuw Van Norel him net oan de bou-ôfspraken hâlde soe.

Troch dizze situaasje wurde der in soad ekstra kosten makke, foar ûnder oare bou-adviseurs en juridyske stipe. Ek de ôfbou fan De Lawei sil ekstra jild kostje is de ferwachting. Moandei bûgt in arbitraazjekommisje him oer it skeel.

As de skouboarch moandei gelyk krijt, dan sille de ekstra kosten ferhelle wurde op boubedriuw Van Norel. Mar krijt Van Norel gelyk, dan sil der boppe-op alle kosten mooglik ek noch in skeafergoeding betelle wurde moatte. Om't De Lawei sels kwalik jild hat, wol Smellingerlân dêrfoar garant stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)