DUO yn Ljouwert giet ticht

It stipepunt foar de Dienst Uitvoering Onderwijs yn Ljouwert giet oan de ein fan dit jier ticht. Dat hat de organisaasje bekend makke. DUO soarget ûnder oare foar it útbeteljen fan de stúdzjefinansiering en it ynskriuwen fan studinten by de opliedingen. Neffens de organisaasje is der net genôch oanrin om it Ljouwerter kantoar iepen te hâlden. Studinten moatte tenei nei Grins ta om harren stúdzjesaken te regeljen.
In part fan it Ljouwerter personiel ferhuzet mei nei Grins. Foar de oaren wurdt in oare oplossing socht.