Meartalich optreden op stasjon

26 sep 2014 - 11:25

Reizgers dy't freedtemoarn op it stasjon fan Ljouwert kamen, waarden traktearre op live muzyk fan sjonger en pianist Wiebe Kaspers en basgitarist Florian den Hollander. Yn it ramt fan de Europeeske Taledei spilen beide muzikanten op twa plakken yn Fryslân. Moarns op it Ljouwerter stasjon, tusken de middei op it CSG Liudger yn Waskemar.

Op de Europeeske Taledei fiert Europa syn rike ferskaat oan talen. Sawat de helte fan de wrâldbefolking is twa- of meartalich en der wurde mei-inoar sawat 7000 talen sprutsen op 'e wrâld.

De Europeeske Taledei is in ynisjatyf fan de Ried fan Europa. De muzikale optredens yn Fryslân wurde mooglik makke troch in gearwurkingsferbân fan it kennissintrum foar meartaligens Mercator, it Europeeske Buro foar Lytse Talen, de Afûk en Friesland Pop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)