Man stelt laptop yn Ljouwert

26 sep 2014 - 10:52

In 39-jierrige man út Ljouwert is tongersdeitemiddei oanhâlden foar it stellen fan in laptop. De man hie de laptop meinaam út in hoarekasaak oan de Foarstreek yn syn wenplak.

De eigener trapearre de dief en koe him op strjitte te pakken krije. De plysje hat de fertochte oanhâlden en ynsletten foar ferhoar. Tsjin de man wurdt proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)