Trije manlju fêst foar helen

26 sep 2014 - 10:49
  • Boeien

Trije mannen tusken de 19 en 26 jier sûnder fêst wenplak binne tongersdeitejûn oanholden op de A7 by It Hearrenfean op fertinking fan it helen fan stellen guod. De plysje hold de auto fan de manlju oan om't se in stikkene koplampe hienen.

Doe't de bestjoerder frege waard om syn rydbewiis of legitimaasjebewiis koe er dat net sjen litte. By in kontrôle fan de auto fûn de plysje jiskepûden mei kosmetikaprodukten en doaskes mei swietsjes foar de kofje. De manlju koenen gjin ferklearring jaan wêr't it guod weikaam. Se binne meinaam nei it buro.

It spul en de auto binne yn beslach naam foar ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)