Auto yn it wetter by Harns

26 sep 2014 - 08:36

By de Tjerk Hiddesslûs yn Harns is tongersdeitejûn in auto yn it wetter rekke. De bestjoerder kaam fanút it sintrum fan de stêd en botste by de slûs op in bestelwein dy't fan de oare kant kaam. Dêrnei skeat de auto troch it hekwurk hinne en kaam yn it wetter telâne.

De bestjoerder koe sels út de auto komme. Hy rekke net ferwûne. De auto is letter op de jûn troch in kraan út it wetter helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)