Yn 2018 folle minder hierhuzen

It tal sosjale hierwenten yn Fryslân rint de kommende jierren bot werom. Yn totaal sille der yn 2018 sa'n 2500 wenningen minder wêze as no. Dat docht bliken út in rapport dat minister Blok fan Wenjen tongersdei nei de Twadde Keamer stjoerd hat. Oer hiel Nederlân rint it tal sosjale hierwenten mei sa'n 1,2% werom, mar yn Fryslân is dat 3%.
Neffens de ûndersikers dy't it rapport skreaun hawwe rint it tal wenten werom om't wenningkorporaasjes minder jild hawwe en om't it oerheidsbelied in oare manier fan ynvestearjen freget.