Nije reedrydploech yn maraton

25 sep 2014 - 20:42

Utstjoerburo AB Vakwerk út Snits stapt yn it reedriden. Tongersdei wie de offisjele presintaasje. It bedriuw is sponsor wurden fan in nije maratonploech. It team bestiet út ferskate regionale reedrydtalinten, wêrûnder Mark Horsten út Fryslân. De leden fan Team AB Vakwerk traine lykwols gewoan by harren eigen trainers.

It útstjoerbedriuw wie al in skoft op syk nei in foarm fan sponsoring en tinkt mei it reedriden mear bekendheid te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)