Drokte by CBR yn Ljouwert
De CBR-lokaasjes yn Ljouwert en Assen krije it takom moanne drok. Fanwege in ferbouwing is it CBR yn Grins fan 13 oktober ôf ticht. En dat betsjut dat minsken dy't in teory-eksamen dwaan moatte, dit yn Ljouwert of Assen ôflizze moatte.
Nei ferwachting is de ferbouwing ein novimber klear. De praktykeksamens kinne yn dy tiid wol gewoan trochgean yn Grins.