Twa winkels Riedhúsplein iepen

25 sep 2014 - 17:21
  • Mediamarkt Drachten by de iepening

It Riedhúsplein yn Drachten krijt hieltyd mear foarm. It gebiet is troch de gemeente Smellingerlân foar miljoenen opknapt. Der wurdt hurd wurke oan de lêste saken foardat yn novimber de offisjele iepening wêze sil. Dêr woene twa grutte winkelketens net op wachtsje. De Mediamarkt en de Sting iepenen tongersdei alfêst de doarren en it wie hiel drok.

De lokale ûndernimmers sjogge de grutte winkels net fuortdaliks as konkurrinsje, mar as in ympuls. De lege plakken dy't it Drachtster winkelgebiet noch hat, jouwe harren soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)