Kahmo's út Burgum meie bliuwe

De Kahmo's yn Burgum hawwe in ferbliuwsfergunning krigen troch it bernepardon. Se komme út Irak en binne jierren lyn nei Nederlân flechte. Heit, mem en de fjouwer bern fan 12, 9, 3 en 1 jier krije no in Nederlânsk paspoart. Earder waard harren tydlike fergunning ynlutsen. Doe hawwe se in skoft út it sicht west fan de oerheid, mar om't de bern altyd nei skoalle west hawwe en se ynskreaun stienen by de gemeente, meie se bliuwe.
Flechtlingewurk Fryslân tinkt dat heechút noch ien húshâlding yn Fryslân foar it bernepardon yn oanmerking komt.