Opfang De Terp ferhuzet

25 sep 2014 - 16:50

De goed fyftich bewenners fan soarchopfang Zienn út Ljouwert binne ferhuze. Nei fjirtich jier slút Zienn lokaasje De Terp oan de Dokkumer Ie yn Ljouwert. Mei taksys waarden de bewenners yn groepkes nei de nije lokaasje oan de J. H. Knoopstrjitte brocht. Guon bewenners gongen op eigen ferfier mei de fyts of scootmobyl op 'en paad. It guod fan de bewenners waard mei frachtweinen oerbrocht.

Neffens lokaasjemanager Kor Schaafsma wie de ferhuzing in hiele put, mar de operaasje is goed slagge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)