Provinsje bliid mei CIOS

De provinsje Fryslân is bliid mei it omtinken dat it CIOS jout oan de Fryske sporten. Dat sei deputearre Tineke Schokker. Der waard tongersdei in DVD presintearre dêr't útlis yn jûn wurdt oer it fierljeppen. Dêrneist binne der fan 'e wike fiif studinten dy't in diploma krigen hawwe en sadwaande fierljeptraining jaan meie.
De Provinsje Fryslân hat finansjele stipe jûn, wêrtroch't it foar it CIOS mooglik is om in soad mei Fryske sporten te dwaan. Der waard al lesjûn oer keatsen en it Fryske hynder. It fierljeppen is der no by kaam.
It CIOS is ek dwaande om in lesprogramma oer it skûtsjesilen te ûntwikkeljen.