Sinteklaasmearke siket sponsor

25 sep 2014 - 16:27

De stichting Sinterklaassprookje op It Hearrenfean siket sponsors om de jierlikse teaterfoarstelling foar de takomst te behâlden. Omdat de gemeentlike subsydzje dit jier ophâldt, krijt de organisaasje in struktureel tekoart fan 4000 euro.

As der neat feroaret, sil neffens bestjoerslid Tiemen Stuiver oer twa jier de stekker út it bernemearke lutsen wurde moatte. Om dat foar te kommen wurdt dêrom no in freoneferiening oprjochte en wurde ynsammelaksjes opset.

De nije feriening sil de âlden fan alle 3500 skoalbern oanskriuwe foar in finansjele stipe. Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean is frege om beskermhear fan de freoneferiening te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)