Fleanbasis: 250 man nei Irak

25 sep 2014 - 13:21
  • F16 fleanbasis Ljouwert

De Fleanbasis Ljouwert leveret 250 militêren foar de IS-missy nei Irak. Dat is tongersdeitemiddei befêstige. Boargemaster Crone fan Ljouwert is grutsk dat de Fleanbasis Ljouwert meidocht. Hy fynt dat de famyljeleden fan de militêren alle stipe en begryp fan de minsken derom hinne krije moatte, want dizze missy is gefaarliker as foargeande.

Crone sjocht yn de aktuele situaasje gjin direkte reden foar ekstra bewaking fan de fleanbasis yn Ljouwert. Definsje giet sels oer de bewaking.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)